Elings skildere Hiddink

© Omrop Fryslân
In skilderij dat de Ljouwerter keunstner Hendrik Elings makke fan Guus Hiddink sil feild wurde yn Súd-Korea. Elings makke it wurk foar in grutte eksposysje fan Nederlânske keunst yn Korea. Elings wie frege om Hiddink te skilderjen om sa foar wat ekstra publisiteit te soargjen. Hiddink is noch altyd tige populêr yn Súd-Korea.
It portret fan 1.80 by 1.50 is al ûnderweis nei Súd-Korea en sil oer trije moanne ferkocht wurde.