Soarch om drugsspuiten

04 apr 2003 - 00:00

De fynst fan in smoarge drugsspuit hat foar in soad lilkens soarge by omwenjenden fan it Zamenhofpark yn Ljouwert. Dizze wike stuts in boartsjend jonkje him oan in spuit dy't yn it park lei. De kâns bestiet dat er dêrtroch besmet reitsje kin mei it hepatitus en HIV-firus.

Omwenjenden fan it park meitsje har grutte soargen. Sy easkje yn in brânbrief dat de gemeente Ljouwert maatregels nimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)