Hotel 'ekstra befeilige'

04 apr 2003 - 00:00

In nachtportier moat om it kertier in ronde meitsje troch hotel-restaurant De Wijnberg yn Boalsert. Allinnich dan mei it hotel de kommende wiken iepenbliuwe. Dat ha B en W fan Boalsert besletten.

De brânwacht hat oardield dat De Wijnberg net foldocht oan de easken foar brânfeiligens. It hotel hat no noch in moanne krigen om oan de easken te foldwaan. Yn de tuskentiid mei der op de earste en twadde ferdjipping ek net mear smookt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)