Jeugd wurdt gewelddadiger

04 apr 2003 - 00:00

De jeugd yn Fryslân wurdt hieltyd gewelddadiger. Dat docht bliken út de jiersifers fan justysje. Ek geane de jongeren op hieltiten eardere leeftyd de fout yn. Nettsjinsteande dy feiten bliuwt it oantal misdriuwen wol gelyk.

Op dit stuit rint yn Drachten in proef tsjin jeugdgeweld. De boargemaster giet op besite by âlden fan jongerein om dúdlik te meitsjen dat it gedrach fan har bern net kin. Justysje wol dit miskien yn hiel Fryslân ynfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)