Gjin ûntslaggen fúzje wetterskip

© Omrop Fryslân
Fan de 400 ferskillende funksjes by de seis Fryske wetterskippen bliuwe der nei de fúzje mar sawat 220 oer. Dêrfan binne der mear as 90 hielendal nij. Troch de fúzje binne der 30 formaasje- plakken oerstallich, om't der minder liedingjaanden en stêfmeiwurkers nedich binne.
Alle meiwurkers krije dochs in nij kontrakt, om't guon wurksumheden yn oare funksjes ûnderbrocht wurde. Ek wurde der funksjes kombinearre.