Ljipaaien SWF en T'diel

12 mrt 2012 - 12:20

De 26-jierrige Rouke de Jager fan Snits hat snein it earste ljipaai fan de gemeente Súdwest-Fryslân fûn. Hy fûn it eefkes nei healwei trijen tusken Sibrandabuorren en Skearnegoutum oan de kant fan Snits. Boargemaster Apotheker nimt it aai moandeitemiddei yn ûntfangst.

De 18-jierrige Hans Douwe van der Boon út Twizelerheide hat sneintemoarn it earste ljipaai fan de gemeente Tytsjerksteradiel fûn. Hy fûn it yn Skûlenboarch. Boargemaster Ter Keurs nimt it aai moarnier yn ûntfangst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)