Holland ynsette as promoasjeboat

© Omrop Fryslân
Der binne plannen om mei de eardere sleepboat Holland promoasje te meitsjen foar it eilân Skylge. De Skylger VVV wol it skip, dat jierrenlang Skylge as thúshaven hie, hiere fan de eigner. Dat is in stichting dy't de Holland werom- brocht hat yn âlde steat.
Doel is dat in tal bedriuwen en ynstellings in plakje krije op it skip. Dat moat dan takom jier in tal Nederlânske en Belgyske havens oandwaan. Besjoen wurdt oft it helber is