'Boargemaster moat aardich wêze'

03 apr 2003 - 00:00

De nije boargemaster fan Gaasterlân- Sleat moat benammen goed mei minsken omgean kinne. Dat fynt de gemeenteried. Woansdei waard de profylskets bepraat. Kommissaris Nijpels wie dêr ek by.

Gaasterlân-Sleatsiket in opfolger fan de VVD'er Pitlo, dy't nei hast tweintich jier ôfskie nimt. De ried wol net dat de nije boargemaster in polityk gefoelige portefeuille krijt. Ein juny moat de ried twa kandidaten foardrage oan de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)