Militêren betelje hertoperaasje

© Omrop Fryslân
De militêren fan de fleanbasis Ljouwert dy't op it stuit ôflost wurde yn Manas yn Kirgizië, jouwe de pleatslike befolking in hiel bysûnder ôfskiedskado. Se betelje de djoere hertoperaasje fan twa lytse bern.
De Ljouwerters binne yn Manas yn it ramt fan de ynternasjonale militêre macht yn Afghanistan. Yn 'e bar ha se mei inoar 600 euro ophelle. Benammen guon Amearikaanske kollega's wiene tige royaal.