Slachting ûnder protters

02 apr 2003 - 00:00

Under protters yn Aldeholtpea en Wolvegea liket sprake fan in slachting. Ek de protters dy't no foar in soad oerlêst soargje op it Wolvegeaster begraafplak binne troffen.

Oant no ta binne sa'n 400 deade fûgels fûn, benammen ûnder beammen. Dêr falle se dea út mei bloed yn 'e bek. Mooglik is lânbougif de oarsaak, al liket der fan opset gjin sprake. Protters binne neffens fûgelleafhawwers net gefoelich foar fûgelpest dus dat kin it net wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)