Krityk plannen Aldegeaster mar

02 apr 2003 - 00:00

Flinke krityk fan de gemeenteried fan Smellingerlân tiisdei op de plannen foar in mar by Aldegea. Benammen it feit dat de ried de plannen út de krante fernimme moast stuts.

De plannen foar in mar wurde taret troch it kolleezje. Dat is op dit stuit noch dwaande mei in ûndersyk nei de realisaasje. Sadree't de resultaten bekend binne, ynformearret it kolleezje de ried. De riedsleden fine lykwols dat dit earder moatten hie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)