Djoere dokuminten yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De kosten foar it oanfreegjen fan in rydbewiis binne yn Ljouwert folle heger as yn oare Fryske gemeenten. In slagge eksamenkandidaat betellet yn Ljouwert 42 euro wylst er earne oars yn de provinsje 25 euro kwyt is.
Foar oare gemeentetsjinsten, lykas in ferklearring fan goed gedrach of fermissing fan in paspoart, is Ljouwert ek djoerder as de rest fan Fryslân. De prizen yn Ljouwert binne wol ferlykber mei gemeenten yn de rest fan it lân.