'Skip bergje' seit de minister

01 apr 2003 - 00:00

De Assi Eurolink moat gau burgen wurde. Minister De Boer fan Ferkear wol dat it skip út it wetter helle wurdt. Hy ferwachtet dat de opdracht fan 'e wike oanbestege wurdt. Earder liet Rykswettersteat witte net te bergjen om't de kosten te heech wêze soenen.

It Nederlânske skip sonk twa moanne lyn yn de Noardsee, santich kilometer boppe Skylge. It wrak leit yn in fargeul op in drokke farrûte en foarmet in gefaar foar oare skippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)