Regels dupearje caravanhâlders

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân driigje 15.000 hâlders fan steancaravans har eigendom te ferliezen. Dat is om't steancaravans tenei jilde as ûnreplik goed. Troch dy wetswiziging wurde campinghâlders tenei juridysk eigner fan de caravan.
Dat kin allinnich feroare wurde troch in oerdracht by de notaris. En dêr binne ek kosten oan ferbûn. De Recron en de ANWB hawwe de Twadde Keamer frege om yn te gripen. Salang soene gemeenten wachtsje moatte mei de taksaasje.