Jacht sit fêst yn 'e brâning

01 apr 2003 - 00:00

De rêdingsboaten fan Skiermûntseach en Lauwerseach hawwe moandeitenacht in Noars jacht út de brâning helle. It skip koe net út it wylde wetter fan de Wierumer Grûnen weikomme. Dy lizze tusken de Waadsee en de Noardsee.

Om't it jacht gjin kommunikaasje-apparatuer oan board hie, koe de Kustwacht gjin ferbining lizze. De rêdingsboaten hawwe it skip, dat ûnderweis wie fan Noarwegen nei Spanje, út 'e brâning weilutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)