Tsjinslach foar Waadrinners

12 mrt 2012 - 12:08

Waadrinners tusken Skiermûntseach en Rottum reitsje in rêstplak op de rûte kwyt. De sânplaat Simenssân is in populêr halteplak tusken de beide eilannen. De see hat it lytse eilantsje midstwa brutsen. Mooglik ferdwynt Simenssân yn de takomst folslein ûnder wetter.

Undersikers hawwe it ôfrûne wykein ûndersyk dien by Simenssân. Se hoopje resten fan it eardere eilân Bosch te finen. Dat eilân ferdwûn yn de 18e ieu yn see.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)