Oanfragen tongblierfûns binnen

© Omrop Fryslân
Sa'n 160 bedriuwen, stiftings en oare ynstellings hawwe in skeafergoeding frege fan it tongblierfûns. Moandei wie de lêste dei dat in oanfraach yntsjinne wurde koe.
It fûns is net bedoeld foar boeren dêr't by de tongblierkrisis gjin fee by romme is. Boeren dêr't wol fee romme is kinne wol in fergoeding krije, bygelyks as der ûnder de nije feestapel in soad stjerte west hat. De oanfragen wurde beoardield troch in kommisje.