Utwreiding stjerrewacht begûn

31 mrt 2003 - 00:00

Yn Burgum is moandei it startsein jûn foar de útwreiding fan de stjerrewacht en it streekmuseum. De beide ynstellings moatte nei de ferbouwing mear besikers lûke. Ek komt der yn de nijbou in romte om les te jaan oan learlingen fan it fuortset ûnderwiis.

De finansiering fan de nijbou is noch net rûn. Der is noch in tekoart fan sa'n 35.000 euro. Ynkoarten komt der in sponsoraksje om it tekoart oan it suverjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)