Militêren nei Kirgizië

31 mrt 2003 - 00:00

Njoggentich meiwurkers fan de fleanbasis Ljouwert binne moandeitemoarn út Eindhoven wei ôfset nei Kirgizië. Se losse dêr de minsken ôf dy't der fan begjin jannewaris ôf sitte.

De Nederlanners binne legere op de basis Manas yn Kirgizië. Sy helpe de Amerikanen yn har striid tsjin it ynternasjonale terrorisme. De militêren dogge boppe Afghanistan misjes mei F16's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)