Assi Eurolink bliuwt noch lizzen

31 mrt 2003 - 00:00

De Assi Eurolink wurdt foarearst net burgen. Neffens Rykswettersteat binne de kosten te heech. It skip dat twa moanne lyn boppe Skylge fergie, leit 17 meter ûnder wetter op in drokke farrûte. Der binne maatregels nommen om ûngelokken tefoaren te kommen, mar it skip fan 163 meter moat wol fuort.

Fuort nei de botsing mei in Sweedsk skip waard sein dat berging gau barre moast. De eardere eigner hat jild yn in fûns stoart om berging te beteljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)