Dúdlikheid oer tsjerkebelesting

© Omrop Fryslân
Lang om let is der dúdlikheid oer de tsjerkebelesting. De tsjerkfâden ha ôfspraken makke oer de bedraggen dy't de Fryske tsjerken betelje oan de lanlike organisaasje. Earder wie dat net helder. Noch net alles is dúdlik. Bygelyks oft oer in bazar ek tsjerklike belesting betelle wurde moat.
De Fryske Feriening fan Tsjerkfâdijen fierde it 75-jierrich bestean sneon. Op dat feest is wer fierder praat oer de jildkwestjes.