Keunstbende komt mei tiidskrift

30 mrt 2003 - 00:00

Keunstbende Fryslân jout sûnt koart in eigen blêd út ûnder de namme 'Releaz'. De redaksje fan Releaz wurdt foarme troch jongerein dy't al ris meidien hawwe oan de Keunstbende-wedstriid yn de kategory Taal.

De Keunstbende hopet mei de útjefte fan it blêd jongerein noch mear de belûken by keunst en kultuer. It blêd wurdt trije kear yn it jier útjûn en is ûnder oare op skoallen te krijen. Keunstbende biedt jong talint in poadium.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)