Alde frekwinsje Omrop wer beset

30 mrt 2003 - 00:00

De âlde frekwinsje fan Omrop Fryslân radio, 88.6, is wer beset. Fan no ôf is dêr de lanlike stjoerder Radio 3 FM te hearren. Omrop Fryslân radio is ein ferline jier ferhuze fan de 88.6 nei de nije frekwinsje: 92.2.

Oer dy nije frekwinsje hat in soad te dwaan west om't de ûntfangst fan de Omrop no folle minder is. 3 FM is net allinnich yn Fryslân te hearren op 88.6. Ek yn Grinslân en Drinte is de stjoerder dêr no te ûntfangen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)