Nije azc Sint Anne iepene

29 mrt 2003 - 00:00

Sneon wie de iepening fan it nije azc yn Sint Anne. Oanslutend koe elkenien dy't dat woe in rûnlieding krije troch it kompleks. Bewenners en meiwurkers hiene allerhande aktiviteiten opset, lykas muzyk, in moadeshow en frjemde hapkes. Der kaam in soad folk op ôf.

It azc yn Sint Anne draait no has twa moanne. Der sitte ûnder oare asylsikers út de sletten opfang fan Flylân. Yn it ferline wiene der fûle protesten yn it doarp tsjin de komst fan it azc.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)