Hessel sjongt yn Amsterdam

© Omrop Fryslân
Hessel van der Kooij stie freed yn de Heineken Music Hall yn Amsterdam. Der kamen goed 4000 taskôgers op ôf. Mear as de Skylger trûbadoer ferwachte hie. Want de kaarten wiene fan 'e wike lang net útferkocht.
It koe dan ek wolris ien fan de lêste grutte konserten fan Hessel op de fêste wâl wêze. Benammen om't it finansjeel in te grut risiko is. Earder joech Hessel ûnder oaren konserten yn Ahoy yn Rotterdam.