Soargen Orca oer swimlessen

© Omrop Fryslân
Swimferiening Orca fan Ljouwert makket him soargen oer de takomst fan syn lessen. Yn Ljouwert besteane plannen foar in nij swimbad. Dêr soe ûnder oare in kommersjeel sûnenssintrum by komme moatte.
Orca is benaud dat de eksploitant fan dat sintrum de trainingsmooglikheden beheine sil. De gemeente garandearret de swimferiening dat dit de kommende fiif jier net bart. Orca freget him lykwols ôf hoe't it dêrnei komt.