Skipsbou-oplieding moat ticht

29 mrt 2003 - 00:00

De skipsbou-oplieding by skipswerf De Volharding yn Harns ferdwynt. De skipsbou-oplieding is opset troch de skipswerf sels en koe altyd rekkenje op in protte subsydzje fan de oerheid.

De subsydzjes binne fuortfallen troch besunigings en dêrom giet it opliedingsynstitút ticht. Neffens direkteur Bodewis fan Volharding Shipyards kin de werf de oplieding sels net betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)