Nij paviljoen by Hege Gerzen

© Omrop Fryslân
Der binne konkrete plannen foar in nij paviljoen op rekreaasjeterrein De Hege Gerzen yn Aldemardum. De ôfrûne jierren binne der op it terrein al in nije midgetgolfbaan en in oerkape terras oanlein. No is it pavilojoen oan bar.
It kolleezje fan Gaasterlân-Sleat kin him fine yn de plannen fan de behearder en hat der goed 200 tûzen euro foar oer. De gemeenteried moat noch ynstimme. Natuerorganisaasjes kinne har der ûnder betingsten yn fine.