Mear regeljouwing seehûne-opfang

© Omrop Fryslân
Minister Veerman fan lânbou wol mear regels foar de opfang fan seehûnen. It soe foar it behâld fan de populaasje net nedich wêze om sike bisten te fersoargjen en werom te pleatsen yn see. Nije regels moatte oanjaan yn hokker gefallen de bisten wol of net opfongen wurde meie.
De seehûnekresj yn Pieterburen sil kommende wike polityk Den Haach bewurkje. De kresj is it net mei de nije regels iens.