Jongerein Wiuwert net ferfolge

© Omrop Fryslân
De jongerein yn Wiuwert dy't fertocht waard fan fernielings yn it doarp, wurdt net mear ferfolge. Justysje hat besletten de jongeren gjin straf te jaan om't se sels de skea hersteld en fergoede hawwe.
In groep jeugd tusken de 13 en 17 jier hie yn âldjiersnacht in protte huzen en auto's wyt kalke. De Wiuwerters hawwe harren op har gedrach oansprutsen. Fjirtjin dagen lyn hawwe de jongeren de boel skjinmakke.