Mystearje yn bosk Aldemardum

© Omrop Fryslân
De twilling Thimo en Micha Hillenius hat yn de bosken fan De Elfenbergen by Aldemardum in mysterieuze fynst dien. De jonkjes ha in hol fûn fan sa'n acht kante meter en trije meter djip. Yn it hol binne spoaren fan bewenning fûn.
Neffens de boskwachter is it hol net troch bern boud. Omwenjenden ha nea wat murken fan nuvere aktiviteiten yn de bosk. Steatsboskbehare hat it dak fan it hol ôfhelle, mar lit it fierder sa't it is.