Grut skip yn twaen seage

28 mrt 2003 - 00:00

It langste binnenfeartskip fan Europa is freed trochmidden seage. Dat barde op skipswerf De Volharding yn Harns. Eigner Ocean Drive Holland wol fan it 136 meter lange skip twa lytsere meitsje. De skippen wurde ree makke foar eveneminten.

Ocean Drive Holland ferwachtet dat yn septimber it earste skipsdiel omboud is ta eveneminteskip. Der kinne sa'n 1500 gasten op ûntfongen wurde. It twadde skip wurdt letter ôfmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)