Bou Esonstad begjint letter

© Omrop Fryslân
De bou fan Esonstad yn Eastmahorn rint flinke fertraging op. De Waadferiening hat beswier makke tsjin de bou fan de 240 fakânsjehúskes. De bou soe takom wike útein sette, mar dat slagget net. Dat sei wethâlder Oosterhof fan Dongeradiel tongersdei yn de ried.
De Waadferiening is bang dat de huzen en de ekstra toeristen de natuer yn it Lauwersmargebiet oantaaste. Esonstad kostet hast 32 miljoen euro. De gemeente betellet 4,5 miljoen euro.