'Mei fjouwer partijen bestjoere'

28 mrt 2003 - 00:00

It nije kolleezje fan Deputearre Steaten moat bestean út CDA, PvdA, FNP en VVD. Dat fine de measte politike partijen. De FNP wol inkeld mei CDA en PvdA bestjoere. De foarkar fan de partijen docht bliken út de petearen fan ynformateur Reitsma mei de fraksjefoarsitters fan de partijen.

Freed prate de politisy oer it nij te foarmjen bestjoersakkoart. Nijpels jout foar it debat oan watfoar belied neffens him yn it akkoart komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)