Generaal pardon foar Sinezen?

27 mrt 2003 - 00:00

It útprosedearre Sineze gesin Ku út Wolvegea krijt binnen 14 dagen te hearren oft se falle ûnder de saneamde 'skrinende gefallen' fan it asylbelied. Dat hat minister Nawijn fan Frjemdlingesaken it gesin woansdei persoanlik meidield.

Tegearre mei riedslid Koopman fan Wolvegea brocht it gesin in besite oan de Twadde Keamer dêr't praat waard oer in mooglik generaal pardon foar dizze gefallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)