Baldadige jeugd yn Boelensleane

27 mrt 2003 - 00:00

De plysje hâldt jongerein yn Boelensleane skerp op 'e kuer. De jeugd soarget by doarpshûs De Smoutte foar oerlêst. Se ferniele dêr dingen en ek by in gymnastyklokaal yn de buert.

Buertbewenners kleie boppedat oer brantsjes, klinkers dy't út 'e dyk weihelle binne en ynkegele ruten. De plysje hat no in warskôging útgean litten. Baldadige jonges en famkes moatte sûnder pardon mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)