Fjouwer riders by Jorritsma

26 mrt 2003 - 00:00

De maratonploech Jorritsma Bouw hat de formaasje foar it kommend seizoen klear. Neist Jeroen de Vries en Martijn Kromkamp, dy't begjin maart in kontrakt fan in jier tekenen, komme Kurt Wubben en Herwin Huisman derby. Ploechlieder Anjo Hofman bea har ek in ien-jierrich kontrakt oan.

De Vries, Wubben en Kromkamp kamen dit jier sûnder ploech te sitten, om't Thyssen, TVM en Nuon har as sponsor weromlutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)