Debat oer kolleezjefoarming

© Omrop Fryslân
Der is freed in iepenbier debat oer de kolleezjefoarming. Dat giet tusken de fraksjefoarsitters fan de tsien politike partijen yn de Steaten.
De petearen dy't ynformateur Reitsma hân hat tsjinje as basis foar it debat. Hy hat dat yn in rapport fêstlein. Belangrykste ûnderwerpen binne de ynhâld fan it bestjoersakkoart en watfoar partijen yn it kolleezje komme moatte. It debat begjint om twa oere en is yn it Provinsjehûs yn Ljouwert.