Aaisikersseizoen net ynkoart

26 mrt 2003 - 00:00

It aaisikersseizoen sil dit jier net ynkoart wurde. Der mei gewoan oant en mei 8 april socht wurde. Dat hawwe de NLTO, it Fryske Gea en it bûn fan Fryske fûgelwachten woansdei mei inoar ôfpraat.

De ljippen lizze op it stuit net in soad aaien. Troch de droechte op it lân ha se te min fretten en reitsje se net oan de lis. De organisaasjes fine dat net in reden om earder mei it aaisykjen op te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)