Haadkantoar Bylsma nei De Lemmer

26 mrt 2003 - 00:00

Skipshelling Bijlsma út Warten ferhuzet it haadkantoar fan de helling nei de skipshelling fan Bijlsma op 'e Lemmer. Dat betsjut dat alle stypjende tsjinsten lykas administraasje en engineering nei De Lemmer ferpleatst wurde. Yn Warten bliuwt allinnich in produksjefasiliteit oer.

Yn Warten wurkje sa'n 70 minsken. Dêrfan soene krapoan 20 nei De Lemmer moatte. Bijlsma sit al goed 100 jier yn Warten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)