Stynsgea benaud foar slûpferkear

26 mrt 2003 - 00:00

Doarpsbelang Stynsgea is benaud foar slûpferkear by de rekonstruksje fan de Betonwei, tusken Twizel en Drachten. Neffens Doarpsbelang sil der in soad ekstra ferkear troch Stynsgea ride as de dyk ôfsluten is.

Ek De Harkema en Boelensleane meitsje har soargen oer ferkearsoerlêst. Neffens wethâlder Van der Veen fan Achtkarspelen sil de gemeente maatregels nimme as der oerlêst komt fan slûpferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)