Te lang skip yn twaën seage

26 mrt 2003 - 00:00

By skipswerf De Volharding yn Harns wurdt it langste binnenskip fan Europa trochseage. Freed is it trochseagjen fan it 136 meter lange skip klear. Fan de twa parten wurde twa lytsere skippen boud, dy't yn septimber klear wêze moatte.

It skip moast in eveneminteskip wurde, mar wie dêr te lang foar. Dêrom hat de eigner, Project Ocean Drive Holland, besletten it skip om te bouwen ta twa eveneminteskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)