Mooglik asylsikers nei Wytmarsum

25 mrt 2003 - 00:00

Utprosedearre asylsikers wurde mooglik opfongen yn Wytmarsum. Flechtlingewurk Wûnseradiel wol it tydlike opfangsintrum foar asylsikers dêrfoar brûke. Dat sintrum giet 1 septimber ticht en stiet dan leech.

Eigner Van der Molen hat al in plan foar it sintrum, mar dat kin no noch net útfierd wurde. It plan is neffens him in tydlike oplossing foar it sintrum nei 1 septimber. De gemeente moat der noch oer gear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)