Erkenning foar MCL

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL yn Ljouwert is talitten as lid fan de feriening STZ. Dat stiet foar Gearwurkjende Topklinyske Opliedingssikehuzen. It lidmaatskip is in erkenning foar de enerzjy dy't it MCL de lêste jierren stutsen hat yn de spesjalistyske opliedingen. Yn it MCL binne 31 opliedingsplakken foar medysk spesjalisten, foar tsien spesjalismen. It MCL wol yn 2005 goed 70 opliedingsplakken ha.