Drokte bûten troch moaie waar

© Omrop Fryslân
It moaie waar fan de ôfrûne dagen lûkt in soad minsken nei bûten. Terraskes sieten tiisdei fol en minsken mei in boat of karavan gienen der op út. Op de kamping Yn 'e Lijte yn Grou wurdt hurd wurke om de lêste saken op te knappen. As wetter en elektrysk oansletten binne, kinne de gasten der wer telâne.
Neffens waarman Piet Paulusma hâldt it moaie waar yn alle gefallen dizze wike noch oan. Oant en mei freed leit it kwik om de 17 graden hinne.