Trouamtner wer nei rjochter

24 mrt 2003 - 00:00

Nynke Eringa stapt op 'e nij nei de rjochter. Sy wol mei de rjochtsaak dúdlik krije hoe't gemeenten omgean moatte mei amtners dy't beswier ha tsjin it sluten fan homohouliken.

Frou Eringa waard twa jier lyn troch de gemeente Ljouwert ûntslein, om't se as amtner gjin homohouliken slute wol. Ferskate juridyske kommisjes joegen har gelyk, mar se mocht dochs net weromkomme. De nije rjochtssaak tsjinnet op 15 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)