Noch net in soad ljipaaien

24 mrt 2003 - 00:00

It tal ljipaaien dat fûn is, falt oant no ta ôf. Dat is de yndruk fan Osinga fan de Fryske Fûgelwachten. Neffens him binne de omstannichheden foar de greidefûgels net ideaal.

Nachts lizze de temperatueren noch te leech. Boppedat is it tige droech, sadat de fûgels net in soad fretten fine kinne. Dizze wike wurdt besjoen oft it aaisykjen oant 8 april trochgean mei. De provinsje kin beslute it sykjen earder te stopjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)