Nije útdaging Skylger klimmers

24 mrt 2003 - 00:00

De klimploech fan Skylge hat wer in nij projekt betocht. Oer twa jier wol de ploech de Elbrus beklimme. Dat is in berch yn de Kaukasus, de heechste fan Europa. Op it heechste punt is de berch goed 5600-meter heech.

De klimploech hat in goeie moanne lyn mei súkses de Aconcagua yn Súd-Amearika beklommen. Oft de klimploech oer twa jier yn deselde gearstalling oan de beklimming begjinne sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)