Droechte soarget foar brângefaar

24 mrt 2003 - 00:00

De oanhâldende droechte en it moaie waar makket de kâns op boskbrânen hieltyd grutter. Krekt yn de maitiid, as beammen noch net útspruten binne en de tûken net soppich, mar toar binne, is dy kâns grutter as yn de simmer.

De brânwacht warskôget minsken dy't de natuer ynlûke. Der hoecht mar ien kuierder te wêzen dy't in brânende peuk fuortgoait en de gefolgen binne net oer te sjen. Dit wykein moast de brânwacht al tweintich kear yn aksje komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)