Biskop beneamt fikaris Fryslân

© Omrop Fryslân
Biskop Van Eijk fan Grins hat de deken fan Ljouwert, Te Velde, beneamd ta fikaris fan Fryslân en de Noardeastpolder. De beneaming is ûnderdiel fan in bestjoerlike reorganisaasje yn it bisdom.
Mei yngong fan 1 maaie wurde de fiif dekenaten ferfongen troch twa fikariaten, om't der hieltyd minder prysters foar de funksje fan deken yn oanmerking komme. In fikaris is helper fan de biskop foar in regio of taak.